Omrop TIP: Yn dit lânskip leit myn libben

Yn dit lânskip leit myn libben, Hylke Speerstra © Omrop Fryslân
Leafde foar de Fryske taal; de Fryslân DOK 'Yn dit lânskip leit myn libben' giet oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan Fryske literatuer. Mei de Fryske taal as ark skriuwe súksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma op in idyllyske lokaasje in brief oer harren persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer.

Taal sintraal

Se binne te gast yn de Skriuwersark fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Se skriuwe elk in Fryske skriuwer út it ferline oan, mei wa't se harren ferbûn fiele. Keunsthistoarikus en kultuerkritikus Huub Mous lit syn ljocht skine oer de Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich en pleatst dy yn in Europeesk perspektyf. Sa ûntstiet der in byld fan in libbene Fryske taal mei histoaryske woartels yn Europa. Wêr komt de leafde foar de Fryske taal by Speerstra en Talsma wei? Hoe djip sit de eangst om har taal te ferliezen?

Lân fan Taal

De dokumintêre is makke troch filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz, yn opdracht fan Tresoar en yn gearwurking mei Omrop Fryslân. As ûnderdiel fan LF2018-projekt 'Lân fan taal' is de dokumintêre trochrinnend te sjen yn de Gysbert Japicxseal by Tresoar.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Yn dit lânskip leit myn libben' is op snein 28 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.