Snitser (59) langer fêst yn ûndersyk No Surrender

© Omrop Fryslân, Karen Bies
De 59-jierrige fertochte út Snits, dy't earder oanhâlden waard yn it ramt fan it ûndersyk nei motorklup No Surrender, bliuwt langer fêst sitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje yn Noard-Nederlân woansdeitemiddei bekendmakke. Ek de baas fan de motorklup - de 53-jierrige Henk Kuipers - bliuwt langer yn de sel. Yn dizze saak draait it om ôfparsing fan hast in miljoen euro, swiere mishannelingen, stellerij mei geweld en it ferfalskjen fan in leanoersjoch.
De arrestaasjes wienen begjin desimber. De man út Snits wurdt derfan fertocht dat hy de baas fan No Surrender yn 2014 en 2015 ynsette foar it oplossen fan saaklike konflikten yn Fryslân, wylst hy wist dat der sprake wie fan strafbere feiten.