LIVE: IepenUP oer 2018

Noch efkes en dan giet it oan! LF2018: oftewol it Kulturele Haadstêd jier fan Ljouwert. Dit wykein is de iepening en der is fansels al in hiele reis efter de rêch. Mar: binne wy de eins wol klear foar? En hoe komt it eins yn 2019 en dêrnei? Sjoernalisten, minsken fan de organisaasje fan LF2018 en oare belutsenen prate dizze wike yn IepenUP oer it jier: 2018. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

2018, en dan?

Te gast binne Jannewietske de Vries, destiids deputearre kultuer en ien fan de inisjators fan it hiele Kulturele Haadstêd projekt. Sjoerd Bootsma en Claudia Woolgar, sy produsearje LF2018. Harmen van der Hoek, lid fan it bidbookteam. Oeds Westerhof, ferantwurdelik foar wat oerbliuwt fan de ynvestearringen en ynset nei 2018. Jort Klarenbeek fertelt oer alles dat der yn it iepeningswykein te belibjen falt en in sjoernalistenpanel sjocht werom op de ôfrûne jierren én foarút. Fierder bringt Bert Looper fan Tresoar in oade oan ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga, komt keunstner Bonny Dijkstra oan it wurd om te fertellen wat hy docht yn 2018 en komt de muzyk fan Willie Darktrousers en de Splinters.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.