Apparatuer út Fendt-trekkers is rôversguod

24 jan 2018 - 17:37

De lêste tiid wurde in opfallend soart ûnderdielen fan trekkers fan it merk Fendt stellen. Benammen yn it noardeasten fan ús provinsje is it raak. It giet ûnder oare om komplete dashboards en boardkompjûters. Johan Meinderts yn Wergea ferkeapet Fendt-trekkers, hy hâldt ekstra rekken mei stellerij. "Fendt is it 'neusje van de zalm' ûnder de trekkers. Se helje de apparatuer út de kabine wei, lêsten hearde ik sels dat in earmleuning mei rydhendel derút helle wie." Nei alle gedachten ferdwynt it stellen guod yn it grize sirkwy. "Miskien brûke se it om te sjoemeljen mei tellerstannen of it wurdt brûkt foar stellen trekkers of om âlde trekkers mei te reparearjen." Nije ûnderdielen binne djoer.

"Se moatte fan in oar syn spul ôfbliuwe"

Boeren wienen earder net wend om trekkers op slot te dwaan, mar der sit wol in slot op. "Boeren ha faak de stâl iepen, mar dat is no wol oars. Ek sjochst mear stekken op it hiem. De doar giet op slot en de trekker ek. Dochs komme se binnen, mei in stanleymes rosse se de beklaaiing derôf en nimme de apparatuer mei. Se witte presys wêr't se wêze moatte." Meinderts hat sels sa'n tsien trekkers te sjen, dy steane achter 'slot en grendel' mei de kaaien derút. "We nimme wol maatregels hear en ha in waakhûn, dy stjoere we derop ôf. Se moatte fan in oar syn spul ôfbliuwe." By twa fan syn klanten hat stellerij west, "bliksem , se moatte hjir net komme". In trekker is oars as in auto, der sit gjin alaarm yn. "As se wolle, fine se wol in manier om derby te kommen. Dat is ferrekte jammer."

"Een zwart gat"

Marco Bos is fertsjintwurdiger. By twa trekkers fan syn heit is de apparatuer út Fendt-trekkers stellen. "Het is het duurste onderdeel van de tractor, de elektronica, dat kost zo'n zesduizend euro. De tractors stonden onderdak, in een loods en waren afgesloten. Toch is er ingebroken, heel vakkundig." Hy tinkt dat it guod nei de lannen yn it Eastblok geane. "Toen mijn vader met de tractor wilde rijden om te gaan voeren zag hij een zwart gat, al het spul was eruit. We hebben verborgen veiligheidsmaatregelen genomen."

(advertinsje)
(advertinsje)