FIDEO: 'Het Grote Grutto Theater' yn Natuermuseum

24 jan 2018 - 19:30

De skries komt werom nei Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Yn it ramt fan Kening fan de Greide is fan kommende freed ôf 'Het Grote Grutto Theater' te sjen. Yn de tentoanstelling giest in jier lang mei yn it libben fan in skries, fan Fryslân oant Afrika en wer werom.

Skoalbern koenen woansdei it skriezeteäter alfêst útteste. Yn in grutte kubus binne ferskate opstellingen boud dêr't fan alles oer de skries te belibjen en te learen is. Bern kinne omheech klimme, op de grûn lizze, lústerje en puzelje. 

(advertinsje)
(advertinsje)