Noch gjin útspraak oer wetterpeil Lauwersmar

© Omrop Fryslân
It is noch altyd net wis oft Steatsboskbehear dizze maitiid los kin mei in proef om de wetterstân yn de Lauwersmar mei in heale meter te ferheegjen. De Ried fan Steat soe woansdei mei in útspraak oer de proef komme, mar docht dat net om't se harren net befoege fiele. Boeren en eigeners fan gebouwen yn it gebiet hienen beswier makke tsjin de proef. De boeren wienen benaud dat har lân wieter wurdt en dat se mear lêst krije fan it sâlter wurde fan de grûn. Boatferhierder en restauranteigener Hein Pols fan de Skâns is benaud dat syn gebouwen bûtendyks fersakje as de grûn wieter wurdt.
No't de Ried fan Steat net mei in útspraak komt, hinget alles ôf fan in twadde rjochtsaak dy't op it stuit tsjinnet by de rjochtbank yn Grins. Ek dêr besykje de beswiermakkers de plannen fan Steatsboskbehear te kearen.