Schuil nei heale finale Moskou

11 jun 2012 - 16:13

Beachfollyballer Richard Schuil is der tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor yn slagge om de heale finale te heljen fan de grand slam yn Moskou. Yn de kwartfinale wûnen se mei 2-1 fan de Brazilianen Benjamin en Bruno. De setstannen wiene 21-15, 15-21 en 15-8.

Yn de heale finale (tiisdei) treffe de Nederlanners opnij in duo út Brazilie: Ricardo en Cunha. Begjin maaie wûnen Schuil en Nummerdor foar it earst yn harren karriêre in grand-slam toernoai. Dat wie yn Peking.

(advertinsje)
(advertinsje)