Joyrider mei stellen auto út De Trieme feroardiele

24 jan 2018 - 15:32

In 22-jierrige man út Grins, dy't yn july ferline jier mei in stellen auto út De Trieme in lampepeal ramde yn Grins, moat foar straf 120 oeren wurkje. Ek moat hy twa wiken de sel yn, omdat hy sûnder rydbewiis ried. De auto waard yn de nacht fan 7 op 8 july stellen yn De Trieme. De eigener hie yn de nacht yn ferbân mei de waarmte in rút iepen litten. Hy ûntduts doe dat immen de kaai meinommen hie en dat syn auto út de carport stellen wie. Hy warskôge de plysje en dy trasearre de stellen auto noch deselde nacht.

De plysje efterfolge de auto, mar op de Oostersluisweg botste dy tsjin in lampepeal. De bestjoerder naaide út, mar koe letter oppakt wurde. De 22-jierrige man hat in lang strafblêd, ûnder mear foar stellerij en it riden sûnder rydbewiis.

(advertinsje)