Sykaksje nei oerfaller fan tankstasjon op It Hearrenfean

© AST-Media
De plysje hat woansdeitemiddei bylden frijjûn fan de oerfal op in tankstasjon op It Hearrenfean. Ferline wike tiisdei waard it tankstasjon oan it Boargemaster Kuperusplein oerfallen. De dieder, dy't op in frouljusfyts arrivearre, gie de winkel binnen en bedrige in meiwurkster.
Uteinlik naaide de man op in fyts út, mei in jildbedrach út de kassa. De plysje hat no in sykaksje opset en freget minsken dy't mear witte har te melden.