Iepening LF2018: praktyske ynformaasje

26 jan 2018 - 07:30

It jier fan Kulturele Haadstêd 2018 wurdt sneon 27 jannewaris offisjeel iepene. Dêrfoar is in part fan de binnenstêd ôfset foar autoferkear en de grutste parkeargaraazjes binne ek ticht. Hoe komst der? Hjir fynst alle ynformaasje op in rychje.

Auto

Hast de hiele binnenstêd is tusken 16.00 en 23.00 oere ferbean gebiet foar auto's. De parkeargaraazje ûnder it Oldehoofsterkerkhof slút om 16.00 oere en it Zaailand om 18.00 oere. Utride kin wol. Der is in parkearferbod op: Beursplein, Eewal en Zuiderstraat. Parkearde auto's oan Westerkade, Willemskade NZ, Groot en Klein Schavernek, Zaailand en Doelestraat wurde fuortsleept.

Pindelbus

Autobestjoerders kinne parkearje op it P+R-terrein by WTC Expo (Heliconwei) yn Ljouwert. Dat kostet seis euro, dêr sit fergees ferfier mei pindelbussen fan Arriva. De bussen ride fan 15.00 oere ôf oant nachts 01.00 oere. 

Trein en bus

De NS en Arriva set ekstra en langere treinen yn. De bussen fan Arriva ride faker.

Kuierje of fytse 

De bewaakte fytsestallingen oan de Sint Jacobsstraat en by it stasjon binne iepen, dy oan it Zaailand net. Der binne ekstra fytserekken oan de Groeneweg, yn de Prinsetún, by De Harmonie, oan de Eewal, by it Beursplein en by de Blokhúspoarte. Fan it stasjon ôf binne ferskate rinrûtes útset nei de trije pleinen

Op www.plattegrond2018.nl steane de rûtes oanjûn.

Programma yn it koart

Freedtejûn wurde op sa'n 200 plakken yn Fryslân ferhalen ferteld tusken 19.00 en 22.00 oere, by musea en partikulieren. LF2018 jier wurdt sneontejûn op trije pleinen yn Ljouwert offisjeel iepene: Wilhelminaplein, Aldehoustertsjerkhôf en Gouverneursplein. Dêrfoar binne tusken 19.00 en 21.00 oere priuwkes te sjen fan sa'n 60 LF2018-projekten yn de Ljouwerter binnenstêd: 'De Stormruiters' hite besikers wolkom mei Fryske hynders op de tagongsdiken nei it sintrum en in soad winkels yn it sintrum bliuwe langer iepen, oant 21.00 oere. De offisjele iepeningshanneling begjint om 21.30 oere en duorret oant 22.15 oere. Dêrnei liede de tsjerkeklokken yn de provinsje.

Foar de lêste ynformaasje: sjoch op Twitter en Facebook.

 

(advertinsje)