Jeppe Groenewold fan Ameland'82 wol oerstappe nei de VVD

24 jan 2018 - 13:22

Jeppe Groenewold fan Ameland'82 wol oerstappe nei de VVD om dêr listlûker te wurden. Woansdeitejûn praat de VVD oer dit ûnderwerp. Groenewold fielt him passearre troch syn partijgenoaten, dy't him leger as syn hjoeddeistige twadde plak op de list setten ha. Hy is net de iennige dy't syn partij de rêch takeart.

Yn desimber makke Alice de Jong-Gransbergen bekend dat se har partij Algemeen Belang Ameland (ABA) nei de ferkiezingen ferruilje sil foar it CDA. Op dat stuit foarmen Ameland'82 en ABA in koälysje. Dy gearwurking wie dêrnei gau foarby, benammen troch de krityk fan Ameland'82 op de oerstap fan De Jong-Gransbergen.

(advertinsje)
(advertinsje)