Oguzhan Türk nei VVV Venlo

11 jun 2012 - 16:01

Oguzhan Türk spilet takom seizoen yn de earedivyzje. De middenfjilder makket de oerstap fan Cambuur nei VVV Venlo. Dy klup siet de Ljouwerters dit jier dwers yn de play-offs. De transferfrije Türk tekenet foar twa seizoenen yn Limboarch. Foardat hy nei Cambuur gie, spile hy foar Go Ahead Eagles en Sportklup Hearrenfean.

Marco Bizot makket nei alle gedachten de oerstap nei FC Grins. De keeper makke dit seizoen yndruk by Cambuur, dat him hierde fan Ajax. Cambuur hat yntusken mei Telgenkamp en Nienhuis twa nije keepers oanlutsen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)