Caravana lûkt minder besikers als ferline jier

24 jan 2018 - 12:30

Campingbeurs Caravana hat dit jier sa'n twatûzen besikers minder lutsen as yn 2017. Mei elkoar kamen der ôfrûne seis dagen 45.000 minsken nei it WTC Expo yn Ljouwert. De organisaasje tinkt dat de wichtichste oarsaak foar it ôfnimmen fan besikers troch de stoarm fan ôfrûne tongersdei komt. Grutte publykslûker wie de iCamp en de Coco: moderne en lichte optearcaravans.

Nettsjinsteande de ôfnommen besikersoantallen is de organisaasje tefreden oer de beurs en de besikers. Takom jier wurdt de Caravana 2019 hâlden fan 17 oant en mei 22 jannewaris.

Trefwurden: 
Caravana besikers Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)