Provinsje bliuwt tsjin fierdere gaswinning yn Fryslân

24 jan 2018 - 12:21

De provinsje bliuwt tsjin fierdere gaswinning yn Fryslân, ek al hat de NAM koartlyn sein dat de kâns op ierdbevings troch dy winning yn nije gebieten hast 'nihil' is. Dat sei deputearre Michiel Schrier woansdeitemoarn nei fragen fan de SP oer de foarnommen gaswinning yn de Waadsee boppe Ternaard.

Gaswinning is lykwols in foech fan it Ryk. De provinsje hat der neat oer te sizzen, seit Schrier. Hy seit wol dat mooglike boaiemdelgong troch it winnen fan gas goed yn de gaten hâlden wurde sil. Wêr nedich, kin dan yngrepen wurde, seit de deputearre.

(advertinsje)
(advertinsje)