Sjauffeurs op en oer de Ofslútdyk

24 jan 2018 - 12:18

It ferkear op de Ofslútdyk moat opnij rekken hâlde mei fertraging. Diskear wie dat oankundige, mar ferfelend bliuwt it fansels wol. Rykswettersteat ynspektearret de brêge by it Lorentzkompleks by Koarnwertersân. Der binne geregeld problemen mei de brêgen yn de Ofslútdyk en it gefolch derfan is dat it ferkear dêrtroch bot fertraging oprint. Earst wie dat eins allinnich yn de simmer sa, mar no begjint it der op te lykjen dat dy problemen der ek yn de winter binne. Sicht op in echte oplossing is der lykwols noch net.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie op de Ofslútdyk en hifke de miening fan minsken op de dyk.

(advertinsje)
(advertinsje)