VVD pleitet foar lobby om ryksjild nei Fryslân te heljen

24 jan 2018 - 12:17

It kolleezje fan Deputearre Steaten moat der by it kabinet alles oan dwaan om jild te krijen foar Fryske projekten as de brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân en de komst fan in akwadukt by Skarster Rien. Dat fynt de VVD-fraksje yn Provinsjale Steaten. It Ryk hat sa'n 900 miljoen euro klear lizzen foar regionale knyppunten en Fryslân moat yntinsyf in lobby foar in part fan dat jild fiere, neffens fraksjefoarsitter Avine Fokkens. Deputearre Klaas Kielstra seit dat dy lobby al fierd wurdt.

In grut part fan de 900 miljoen euro soe it Ryk al reservearre ha foar projekten yn Rotterdam, Eindhoven, Seelân en nukleêre saken. Fan de 200 oant 300 miljoen euro dy't oerbliuwt, is Fryslân ien fan de kapers op de kust. Yn febrewaris makket it kabinet bekend watfoar oare projekten ek jild krije.

(advertinsje)
(advertinsje)