Grypepidemy wreidet him út yn Fryslân

24 jan 2018 - 12:12

De grypepidemy wreidet him út yn Fryslân. Ferline wike hienen 91 op de 100.000 minsken grypferskynsels. Dizze wike is dat oantal omheech gien nei 105. Sûnt healwei desimber binne minsken al troffen troch gryp. Neffens ûndersyksynstitút Nivel duorret in grypweach sa'n 9 wiken.

Ferline jier hie de grypepidemy lykwols 15 wiken duorre. Neffens Anne-Marie van Elsakker, mikrobiolooch by ynfeksjesyktesintrum Izore yn Ljouwert, is gryp net goed te foarsizzen.

Trefwurden: 
gryp epidemy Izore
(advertinsje)
(advertinsje)