Ferkearde ynformaasje: deputearre De Rouwe biedt ekskús oan

24 jan 2018 - 11:35

Deputearre Sander de Rouwe hat út namme fan it kolleezje fan Deputearre Steaten ekskuzen oanbean foar it ferkeard ynformearjen fan steateleden. Troch minsklike flaters fan amtners binne Provinsjale Steaten ferkeard ynformearre oer it jaan fan subsydzje oan fezelfabryk Compakboard op It Hearrenfean dy't fallyt gie, oer miljeu-oertredingen by Van Gansewinkel en it tastjoeren fan in ferkearde notysje oer it lânboubelied.

De PvdA stelde fragen oer dizze saken. Fraksjefoarsitter Remco van Maurik neamde it ferkeard ynformearjen 'een politieke doodzonde". Deputearre De Rouwe luts it boetekleed oan, mar hâldt it by flaters dy't barre kinne, mar eins net moatte. Ien fan de útkomsten fan it debat is dat de Steaten yn febrewaris útlis krije oer lieningen dy't de provinsje yn fertrouwen jout oan partijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)