Poëzijmasines yn Tresoar foar LF2018

24 jan 2018 - 14:35

Fjouwer metershege masines draaie stadich en sûnder lûd yn de stúdzjeseal fan Tresoar yn Ljouwert. Op de masines draaie banen fan likernôch in meter breed mei dêrop in ferskaat oan tekst en byld. De 'poetry boosters' meitsje diel út fan de útstalling oer fisuele poëzij, it grinsgebiet tusken taal en byld: wurden dy't bylden oproppe en bylden dy't om wurden freegje. Fjouwer Fryske dichters, Eeltsje Hettinga, Elmar Kuiper, Sytse Jansma en Grytsje Schaaf, hawwe gearwurke mei keunstners Machteld van Buren, Kaneli & Smit en Hans Wijnbergen.

Grytsje Schaaf skreau al har gedichten mei de hân út. Dy binne dêrnei yn stikken knipt en wer oan elkoar naaid op de tekstylbanen. "Troch mei oaren gear te wurkjen hat my in soad ynspiraasje jûn en sjochst wer mei oare eagen nei dyn eigen wurk." Sytse Jansma sette allegear streekjes op de baan en wurke gear mei saksofonist Hans Wijnbergen. "Elk streekje kinst sjen as in weach, yn de see ha weagen ek gjin fêst patroan en giet it einleas troch."

Quatrebras

It idee foar de ynstallaasje is ynspirearre op it literêre tydskrift Quatrebras út de jierren fyftich en sechtich, mei wurk fan Fryske dichters as ûnder oare Hessel Miedema en Josse de Haan. "Dy mannen ha it paad frij makke foar keunstners dêrnei. De Fryske dichters yn dit projekt wurkje no gear mei byldzjend keunstners," leit Tresoar-direkteur Bert Looper út.

Neist de poëzijmasines bestiet de útstalling út noch twa ûnderdielen: de skiednis fan Quatrebras is te sjen yn in aparte romte mei fitrines en der is noch in seis meter brede 'media-masine' dy't op ledskermen bylden toant fan ynternasjonale fisuele poëzij en fisuele poëzij yn Fryslân.

De trije ûnderdielen fan fisuele poëzij hearre by de útstalling 'Sssstt....! Hjir flústeret de tiid'. Dat is in ûnderdiel Lân fan taal, wat wer diel útmakket fan LF2018. Fan freedtejûn 18.00 oere ôf is de tentoanstelling iepen foar publyk. De tentoanstelling duorret it hiele jier.

(advertinsje)
(advertinsje)