Edou Hamstra jongste lid Provinsjale Steaten

24 jan 2018 - 11:05

Edou Hamstra fan Ljouwert is woansdeitemoarn troch kommissaris fan de Kening Arno Brok beëdige as lid fan Provinsjale Steaten foar de PvdA. Sy sil tydlik har fraksjegenoat Harry Balgobind út Drachten ferfange, dy't al in skoftsje siik is. Edou Hamstra is mei 23 jier it jongste lid fan de Fryske Steaten. De yn Eastermar berne Hamstra studearret bestjoerskunde oan de Thorbecke Academie.

(advertinsje)
(advertinsje)