FIDEO: Michael Eerhart út Ljouwert is miljonêr.... op papier

24 jan 2018 - 17:30

Fan 25 euro nei miljonêr: it barde mei de 22-jierrige Ljouwerter Michael Eerhart. Hy ynvestearre fiif jier lyn in pear tientsjes yn de bitcoin en is no troch de eksplosive groei fan de digitale munt multymiljonêr. Hy hie dit nea ferwachte, mar sels is er der rêstich ûnder. "Ik ben misschien miljonair, maar dat is wel op papier. Ik heb mijn bitcoins niet allemaal verkocht en heb het niet allemaal op de bankrekening. Ik ben nu vooral bezig met investeren in andere munten en in mijn bedrijf. En zo nu en dan verkoop ik wat als ik geld nodig heb."

Bitcoin

De bitcoin is digitaal jild en wurdt ek wol 'cryptojild' neamd. It kin krekt as gewoan jild brûkt wurde om guod te keapjen, mar kinst it ek krije en útwikselje. It bysûndere oan de bitcoin is dat der gjin sintrale ynstânsje, sa as in bank, achter sit. Wol is der de 'blockchain', in netwurk oer de hiele wrâld dêr't transaksjes yn opslein wurde.

Hannelsplatfoarm

Yn 2013 begûn Michael mei it ynvestearjen en hanneljen yn digitale munten. It begûn hiel ûnskuldich doe't er mei syn freonen op in hannelsplatfoarm siet. "Ik heb me inschreven voor een handelaccount en in ruil daarvoor kreeg je 25 euro cadeau om mee te gaan handelen. We deden dit gewoon voor de lol, maar kregen hierdoor wel meer kennis en informatie over de munten. Op het gegeven moment kwam de bitcoin voorbij. We zagen dat hij steeds meer steeg en ik heb toen besloten om hier op in te zetten."

Rekôrbedrach

En dat koe Michael hast net op in better momint dwaan. In pear jier letter skeat de wearde fan de bitcoin omheech. Yn desimber 2017 berikte it syn hichtepunt mei in rekôrbedrach fan 16.000 euro de bitcoin. Mar dit betsjut net dat alle belizzers fan de munt harren ryk rekkenje kinne. In pear wike lyn crashte de bitcoinmerk en is er noch mar 8.000 euro wurdich. Op dit stuit skommelet de wearde fan 11.000 euro op de iene dei, nei 7.000 op de oare.

Unfoarspelber

Neist de foardielen dy't de digitale munt bringt (anonym, fluch en ûnôfhinklik), binne der ek wat kanttekeningen by te pleatsen. Ekonoom Erica Verdegaal fynt in belizzing yn de bitcoin of in oare digitale munt gjin serieuze belizzing en in hiele grutte gok. "Er kan van alles met je geld gebeuren. De koers is de ene dag heel anders dan de andere. Het is daardoor veel onvoorspelbaarder dan andere beleggingen. Het doet me heel veel denken aan een bubbel."

In bubbel yn de ekonomy is wannear't de priis foar bepaald guod hurd omheech giet en dat it dêrnei ek wer hurd nei ûnderen giet. Dat soarget foar panyk by belizzers dy't it guod gau wer keapje. En dit soarget der allegearre foar dat it guod folle minder wurdich wurdt. Mar Michael sit der net oer yn dat syn miljoenen kwyt rekket. "Ik heb deze sterke wisselingen in de koers al zo vaak gezien de afgelopen jaren en daarom maakt het mij niet zenuwachtig. Ik heb vertrouwen in het systeem."

Populêr

Ek yn Fryslân binne in soad minsken dy't jild ynvestearje yn de digitale munten as de bitcoin. "Iedereen in mijn omgeving is hier mee bezig. Ik zie dat het vaak van vriendengroep naar vriendengroep wordt verspreid en zo komen er steeds meer mensen bij," seit Michael. En hy hat ek in idee wêrom't minsken dizze ynvestearringen dogge: "Het is nieuw, het is laagdrempelig en mensen willen een onderdeel zijn van deze beweging."

Takomst

De digitale muntewrâld krijt ûnderwilens hieltyd mear regels en wetjouwing, mar neffens Michael is dat allinnich mar goed. "De bitcoin en andere cryptovaluta worden steeds volwassener en dat hoort ook zo." Michael sjocht foar himsels ek in takomst yn dizze wrâld. Hy hat syn oplieding krekt klear en hat it bedriuw GoBlock oprjochte. "Ik ben inmiddels wel een kenner op het gebied van de digitale munt en dit gebruik ik voor andere bedrijven. Ik help ze met hoe je deze systemen kunt gebruiken in het bedrijfsleven."

Yn Fryslân Hjoed fan woansdei 24 jannewaris prate Michael Eerhart en Erica Verdegaal oer de bitcoin.

(advertinsje)
(advertinsje)