Festivalterrein Westerkeyn beskikber foar Oerol 2018

24 jan 2018 - 10:32

It Oerolfestival kin dit jier dochs Westerkeyn op Skylge brûke as festivalterrein. Lang wie net dúdlik as de organisaasje it haadterrein brûke koe. Dêrmei stie it festival faai. De eigener fan it terrein wol dêr fakânsjehúskes bouwe. Yn ôfwachting fan fierder oerlis mei de gemeente hat hy dochs besletten dat it terrein foar dit jier troch Oerol brûkt wurde mei. De organisaasje is bliid mei dat beslút. Se hiene al socht nei alternativen en in plak fûn, mar dat is net te beteljen.

Trefwurden: 
Westerkeyn Oerol 2018
(advertinsje)
(advertinsje)