Fryske Wiky hat 25.000 siden

11 jun 2012 - 15:51

Op de Frysktalige Wikipedy is dit wykein it 25.000e artikel oanmakke. Dat giet oer it televyzjeprogramma Doch it foar dyn doarp fan Omrop Fryslân.

De Fryske online ensyklopedy bestiet no tsien jier. Lykas by de Nederlânsktalige Wikipedia kin elkenien bydragen leverje mei as doel kennis te dielen. Mear as hûndert minsken leverje geregeld bydragen. Der binne 11.000 brûkers registrearre.

Trefwurden: 
Wikipedia
(advertinsje)
(advertinsje)