Protokol waarsomstannichheden foar hynders

24 jan 2018 - 08:18

Genôch drinke, net te yntinsyf bewege en moai yn it skaad bliuwe. Dat binne tips foar minsken by hjitte. De measte âldereinsintra hawwe soks fêstlein yn hjitteprotokollen. Der is no ek in waarprotokol foar hynders. De Sectorraad Paarden hat dit protokol 'ekstreme waarsomstannichheden' opsteld. Dizze stichting behertiget de belangen fan de hynstesektor yn Nederlân.

Yn it protokol krije hynstehâlders en hynste-eigeners tips oer wat se it bêste dwaan kinne by ekstreem waar. Baukje de Boer fan de oplieding Diermanagement fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert is ek saakkundige op dit mêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)