Kollum: "Hoe dan ek, it giet oan"

24 jan 2018 - 07:50
  • De Toan fan Eelke Lok

"Sneontejûn liede guon tsjerkeklokken yn Fryslân as it jier fan de Kulturele Haadstêd offisjeel losgiet. Guon. Net elke koster klaut sneontejûns kertier oer tsienen de tsjerke yn om te wachtsjen op in seintsje út Ljouwert en om dan tsjin de klok te slaan. Fan âldsher liede yn Fryslân de tsjerkeklokken net by feestjes, inkeld yn de roomske doarpen. Yn oare doarpen is der inkeld klokkelûd as der immen stoarn is. Mar jim witte it, it wenstige Fryske hâlden en dragen wurdt dit jier oan de kant skood, wylst der krekt o sa rekken mei hâlden wurde soe.

Al moat ik ek wer net oerdriuwe, as immen yn Hilaard seit dat it lieden fan guon tsjerkeklokken sneontejûn foar har in pikefelmomintsje is, dan leau ik dat. En it mei ek bêst. Mar as Onno Falkena twitteret dat de Hollânske feestteksten yn Ljouwert misstean en feroare wurde moatte yn Fryske, dan leau ik dat wer net. Ljouwert hat ommers altyd ûnfrysk west. Boppedat, as we dit hiele jier wer neat oars roppe "It moat Frysk wêze", dan bin ik al wurch, foardat alles begûn is.

Oan de oare kant ha de Fryske fûnemintalisten it ek wol wat dreech. Harren Slachtemaraton giet net iens troch. Dat is ek wol wer logysk, want de organisatoaren wolle net fan Raerd en Easterbierrum ôf. Beide plakken kin it kommen en gean fan de rinners lang net oan. En je kinne ek wol sûnder dat gedoch in kear oer de Slachte rinne.

It is foar it oare de lêste kear dat ik soer wêze sil oer Kulturele Haadstêd. Ik dompelje my fan kommend wykein ôf alhiel kultureel ûnder en fertel jim mei de krystdagen hoe’t dat fielde. Dat ik noch ien kear soer bin, kaam in bytsje fan de besite dy’t Fryslân brocht oan de Twadde Keamer.

Sjoch, jim folgje de media en dy wiene inkeld o sa optein oer dit folslein oerstallige gedoch. Want je hoege Keamerleden echt net oer te heljen nei Fryslân te kommen, dat dogge se dochs wol en se skriuwe it as wurk. Mar nee, twa dagen in tinte, optredens, buffetten, netwurkje, prate, der allegear hinne en in nacht bliuwe. Wat hat it wol net koste. Dêr hienen wol trije Slachtemaratons fan betelle wurde kinnen.

Ik krige allegear berjochtsjes fan minsken dy’t lulk wiene dat it ek noch barde doe’t bekend waard dat yn Ljouwert in soad minsken wenje dy’t net rûnkomme kinne. Dy hienen wol yn dy tinte ite wollen. Of sneon by it feestje foar de hotemetoten. Mar sels Lutz Jacobi en sa hearre je inkeld oer kulturele feestjes, net oer dy minsken. It wie wol byldzjend dat de ried fan Ljouwert justerjûn net trochgean koe, om’t it begjinfeest te lûd opboud waard.

Dy kritisy ha gelyk, mar it is blykber folle slimmer dat Isabelle Diks net wit dat Drylts 18 maaie in fontein krijt. It entûsjasme fan de LC dy’t ús foarút al fertelde wat foar artikeltsjes se dizze wike allegear skriuwe soenen fanwege dy iepening fan it kulturele haadstêdjier. Fertederjend.

Eins is it hiel sneu dat Nynke Laverman en Sytze Pruiksma harren sankje net it earst hearre lieten op de redaksje fan de LC. Of yn de studio fan Omrop Fryslân. Nee, by Paul Witteman. Dêr sjoch ik nea nei, dat is swiere muzyk. Mar ik lies it. Ja, de media bûten dizze provinsje binne fansels twa kear sa wichtich, dy moatte lju nei de provinsje lûke. Wy bínne der al.

Krekt as it boadskip dat it sa geweldich is dat bûtenlânske media no oer Fryslân skriuwe. Ek wol logysk, oars hienen se inkeld wat oer Fryslân as der in Alvestêdetocht wie. Krekt sa’t de Fryske media op stap giene nei Malta om dêr harren iepening mei te nimmen. Wa is dêr no yn ynteressearre?

We binne inkeld nijsgjirrich nei kommend wykein. As je efkes gjin kranten lêze, mar nei de minsken yn Fryslân harkje dat witte je: wy witte noch lang safolle net as de bûtenlanners en Keamerleden. Wy sette sneon de auto fiif kilometer bûten Ljouwert, toffelje nei it sintrum. Alles is dêr o sa moai. Sûnder mis. En dan sjonge we sneontejûn tusken kertier oer njoggenen en kertier oer tsienen allegear dat we om seis oere thús wêze sille.

En dan?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)