Plannen foar Westerseedykgebiet: seeswimbad en park

In eb- en floedswimbad, parkearje yn de seedyk en in park foar jong en âld. It binne samar wat plannen fan Harnzers foar it Westerseedykgebiet. De gemeente Harns wol it gebiet op 'e nij ûntwikkelje. It doel is om it oantrekliker te meitsjen foar de eigen ynwenners, toeristen en ûndernimmers. De yntsjinne plannen wurde de kommende tiid bestudearre. Dêrnei wurdt sjoen hokker plan helber binne.
Guon ynwenners hiene ek krityk op de gemeente. Al sûnt de jierren '60 wurdt praat oer de ûntwikkeling fan it gebiet. Oant no ta is der kwealik wat dien. De mooglikheden binne ek beheind. Sa kin der net samar wat dien wurde op de seedyk sels. Om't it in belangrike wetterkearing is, wurde hege easken steld oan de plannen.
Jaap de Jong is ien fan de minsken dy't bot oan it lobbyen is foar it eb- en floedswimbad. Neffens him makket sa'n bad it gebiet oantreklik foar de eigen ynwenners en ek foar minsken fan bûten de stêd. It soe ek unyk wêze foar it Waadseegebiet yn Nederlân. Fan Den Helder oant Delfsyl is nearne in goed swimplak te finen yn de Waadsee.