Ynwenners gemeente Hearrenfean bepale: Frysk of Nederlânsk

Gemeente It Hearrenfean
By de kar tusken it Frysk of it Nederlânsk, is it de boarger dy't yn de kommunikaasje mei de gemeente Hearrenfean bepaalt hokker taal praat wurdt. Dat skriuwt de gemeente yn syn taalnota 'Fierder mei Frysk'. De ynwenners fine dat Hearrenfean him mear as Fryske gemeente profilearje kin, sa is út ûndersyk nei foaren kaam.
Hast alle meiwurkers fan de gemeente ferstean it Frysk, mar dat jildt net foar it praten fan de taal. De gemeente Hearrenfean hat 13.000 euro subsydzje krigen fan de provinsje Fryslân foar it opstellen fan de taalnota 'Fierder mei Frysk'. De gemeenteried stelt letter dit jier it taalbeleid fêst.