Reidsnijer net langer aktyf yn marke op It Amelân

24 jan 2018 - 06:45
  • Jan Visser fan Rykswettersteat

Nei hast sechstich jier komt der in ein oan it reidsnijen by de Lange Dunen op It Amelân. It reid stiet yn in lyts marke krekt achter de dunen by Ballum. It wetter stiet dêr sa heech dat it reid der net mear goed weihelle wurde kin. It wurdt te djoer foar de oannimmer om dat te dwaan, seit Jan Visser fan Rykswettersteat.  De organisaasje wie fan it begjin ôf de opdrachtjouwer fan it reidsnijen.

Yn it ferline koene se it wetterpeil yn it marke foar it reidmeanen sakje litte, troch in geul te graven dêr't it swiete wetter troch de Noardsee yn streamde. "De lêste jierren is it strân sa breed wurden, dat dat net mear kin," seit Visser.  "Dêrom sette wy no pompen yn."

Nei twa dagen pompen is it wetterpeil noch mar amper sakke. "It avesearret gewoan net," seit Visser. "De ynspanning is te grut en de kosten foar de reidsnijer rinne te bot op. Hy komt út de Biesbosch en moat it reid fan It  Amelân ek noch nei de fêste wâl bringe. Dan is reid út East-Europa folle goedkeaper."

Visser hopet dat de natuer sels de reiden by de Lange Dunen ûnder kontrôle hâlde sil. "It reidmarke leit deun achter it dún dy't foarige wike mei in swiere westerstoarm trochbrutsen is. Dêrtroch kin it sâlte wetter it swiete marke yn streame. As dat út en troch bart, kin dat de wyldgroei fan it reid tsjinhâlde." Visser sil de situaasje de kommende tiid goed yn de gaten hâlde.

Trefwurden: 
reidsnije It Amelân
(advertinsje)