Beverrôt fan hast in meter lang fongen

Muskusrottefangers fan Wetterskip Fryslân hawwe tusken Grou en Earnewâld in beverrôt fongen. It bist liket op in rôt, mar it is hast in meter grut. Beverrotten binne folle skealiker foar de Fryske diken as muskusrotten, omdat se hast twa kear sa grut binne. Dêrtroch binne de gatten dy't se grave, ek folle grutter.
Apels
It is pas de twadde kear dat de Fryske muskusrottefangers in beverrôt te pakken krije. En it is foar it earst dat se sa'n bist yn in koai fange. De foarige beverrôt hawwe se delsketten.
De muskusrottefangers hawwe hast twa jier dwaande west foardat se de beverrôt te pakken hienen. Uteinlik wie der neat mear nedich as in koai mei apels om it bist te fangen. "Mar jo moatte earst wol betinke wêr't jo dy koai delsette", seit Herman Schuurman fan it wetterskip.
"Earst wisten we der noch net safolle fan. We rûnen konstant achter de feiten oan, want it bist feroare hieltyd fan plak. Mar al dwaande leart men. Wy hawwe sjoen wêr't er ferline jier siet. En dêr hawwe we in koai delset."
Klep op de kont
"Dat wie noch net sa maklik. Want as jo de koai op de fêste wâl delsette, komme der allegearre gewoane rotten yn. Dus, we hawwe yn it wetter eilannen makke fan planten, bizen en reid en sa. Dêr binne we begong te fuorjen. Mei apels. Dat fûn er hartstikke lekker. Doe hawwe we in koai op sa'n eilân delset. Ien dy't se yn de rest fan Nederlân ek brûke om beverrotten te fangen"
Dat wie net fuortendaliks in súkses. De koai wie al trije kear tichtslein, sûnder dat de beverrôt deryn siet. Op bylden fan in wyldkamera wie te sjen hoe't dat koe. It bist wie sa grut, dat de fal te lyts wie. "Hy krige de klep op de kont, en stapte der gewoan tebek wer út. Hy wie te grut foar de koai!"
Fangkoai XL
De muskusrotfangers fan it wetterskip hawwe doe in gruttere koai makke. "In beverrôtkoai XL" seit Schuurman. "En dêr siet er fuortendaliks de earste nacht yn."
It bist is no dea. Hy leit yn Wâlterswâld yn in friezer. "Miskien litte we him wol opsette. It is in prachteksimplaar."