Wedstriid Jong Cambuur tsjin Jong NAC einiget yn lykspul

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Jong Cambuur en Jong NAC hawwe tiisdeitejûn mei 1-1 lykspile. Yn de earste helte kamen beide ploegen net ta skoaren, al krige Jong Cambuur wol aardich wat kânsen.
Nei rêst wist Jong NAC de skoare yn Ljouwert te iepenjen. Lucas Schoofs makke de 1-0 foar de klup út Breda. Goed tsien minuten letter makke Noureddine Boutzamar de lykmakker (1-1). Dêrnei waard der net mear skoard.