Vitesse yn berop tsjin straf earmtakke-ynsidint mei Dumfries

23 jan 2018 - 21:14
Foto: www.orange-pictures.nl

De oanklager betelle fuotbal fan de KNVB wol Tim Matavž fan Vitesse fiif wedstriden skorse foar de earmtakke dy't er sneon yn it gesicht fan Denzel Dumfries fan SC Hearrenfean plante. Ien skorsing is ûnder betingst. Vitesse is it net iens mei it skikkingsfoarstel en giet yn berop. Dat betsjut dat de saak tongersdeitejûn behannele wurdt foar de tuchtkommisje yn Zeist.

De skiedsrjochter hie it ynsidint net sjoen. De oanklager betelle fuotbal is op basis fan telefyzjebylden mei in foarûndersyk úteinset. Neist de telefyzjebylden wurde de ferklearringen fan de belutsen spilers ek meinaam yn de proseduere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)