Learlingen helpe bûtenlânske skoalgenoaten op Piter Jelles

23 jan 2018 - 20:59

Learlingen fan skoallemienskip Piter Jelles sille bûtenlânske bern helpe om harren plak op skoalle te finen. De bûtenlânske bern hawwe earst yn de ynternasjonale skeakelklasse sitten, omdat se it Nederlânsk doe noch net goed yn 'e macht hiene. Se kinne dêrnei net altiten like maklik it paad fine yn it reguliere fuortset ûnderwiis. Dêrom is no in buddysysteem betocht: learlingen  helpe ien op ien oare learlingen.

Om dy buddy dêr goed foar traine te kinnen, sitte de dosinten fan de ynternasjonale skeakelklasse no earst sels op les. Ferwachte wurdt dat oan de ein fan de simmer de earste 'maatsjes' ynset wurde kinne om de bûtenlânske learlingen te helpen.

Trefwurden: 
Piter Jelles buddyprojekt ISK
(advertinsje)
(advertinsje)