Provinsje jout NHL Stenden subsydzje foar meartaligens

23 jan 2018 - 19:48

De NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert kriget goed hûnderttûzen euro subsydzje fan de provinsje Fryslân om it gebrûk fan meartaligens op basisskoallen te stimulearjen. De learare-oplieding ûntwikkelet dêr in programma foar, yn gearwurking mei de Fryske Akademy. Dat moat derfoar soargje dat der benammen op basisskoallen yn de stêden positiver sjoen wurdt nei minderheidstalen, net allinnich troch learlingen, mar ek troch dejingen dy't lesjouwe.

De NHL Stenden Hegeskoalle hat ûnder oare in app makke. Dêrmei kinne de bern ferskate talen yn de stêd sykje. 

Trefwurden: 
meartaligens NHL Stenden
(advertinsje)