Grimeur Tuiten: "Mei de Oscar witte jo it mar noait"

23 jan 2018 - 20:30

De Fryske grimeur Arjen Tuiten waard tiisdeitemoarn betiid wekker belle fanwege syn Oscarnominaasje. Tuiten wennet en wurket yn Los Angeles. Hy kriget de Oscarnominaasje foar syn wurk foar de film Wonder. Dy giet oer in jonkje dat troch in sykte in misfoarme gesicht hat. Omrop Fryslân hie Tuiten tiisdeitemiddei oan de telefoan.

Wie de Oscarnominaasje in ferrassing?

Wol wat. Witst it noait seker mei de Oscarnominaasje. In skoft ferlyn krige ik in BAFTA-nominaasje. Dat is op himsels ek al hiel bysûnder. Mei de Oscars witte jo it noait. Der binne mar trije plakken foar make-up. Ik hie al in bytsje in foargefoel. Mar doe't ik it hearde, moast ik it tagelyk ek in bytsje besinke litte. Doe haw ik mar in bakje kofje naam, ha ha ha.

Yn ús argyf fûn ik opnames doe'tsto as jonge grimeur ynterviewd waardst yn de ABD-sjo. Do seist doe: in Oscar is wat ik wol.

Fansels is it wat moais, omdat it de rest fan dyn libben by dy bliuwt. En, al soe it by in nominaasje bliuwe, dan noch bist dat ek foar de rest fan dyn libben. Mar wy wachtsje ôf. Ik lit it ek in bytsje oer my hinne komme. Bin hjoed gewoan oan it wurk. Jûn moat ik nei in fergadering fan Disney ta, oer fan Maleficent II. En juster siet it noch by Angelina Jolie thús. It wurk giet gewoan troch.

Dat jonkje út de film Wonder hat in misfoarming. Hoe lang bist dêrmei oan de gong?

In draaidei duorret sawat fyftjin oeren, mar sa'n jong jonkje meist mar njoggen oeren filmje. Ik wie twaenheal moanne dêrfoar al dwaande om dy make-up te bouwen. It is allegearre protezes. Hy hat in gebitsje yn en kontaktlinzen, en in prûk op. En der sit in meganykje ûnder de make-up dat de eagen nei beneden lûkt. Syn sykte - it syndroom fan Treacher Collins - moat wol echt oerkomme. It is in hiel drege en ek in hiel technyske make-up om te dwaan. Sa sjocht it der miskien net út, mar... ast nei syn nekke sjochst...alles is fan rubber. Niks is fan him. Dat moatst wol goed delsette en dat wie wol efkes wat wurk.

Do hast it no hiel drok. Earst de BAFTA's en dan op 4 maart de Oscars
Ja, wy wachtsje ôf wat it wurdt. Ik wit it net. Der is wol konkurrinsje mei The Darkest Hour mei Gary Oldman. Wy sjogge wol.

Trefwurden: 
Arjen Tuiten grimeur Oscar
(advertinsje)
(advertinsje)