Rekkenkeamers: "Waadfûns net ûnôfhinklik genôch"

De Noardlike en de Rânestêdlike rekkenkeamers sette grutte fraachtekens by de ûnôfhinklikens fan it Waadfûns. De kontrôle-ynstânsjes fine de rol fan de provinsjes te grut. Sa nimme sy aansten in beslút oer subsydzjes dy't se sels oanfreegje. De beoardieljende rol soe oernaam wurde moatte troch in ûnôfhinklike kwaliteitskommisje, fine de rekkenkeamers.
It Waadfûns waard yn 2006 oprjochte om de gefolgen fan de gaswinning ûnder de Waadsee te kompensearjen. Bedriuwen en oerheden kinne subsydzje oanfreegje foar projekten dy't goed binne foar de natuer en it lânskip. Sûnt 2016 binne de Waadprovinsjes folle mear belutsen by it ûntwikkeljen en it yntsjinjen fan subsydzje-oanfragen. Neffens de rekkenkeamers liket it sa op 'in slachter dy't syn eigen fleis kart'.
Der is mear krityk: fan de 125 projekten dy't sûnt 2012 subsydzje krigen hawwe, binne mar 28 ta in ein brocht. Om't standert net metten wurdt oft de projekten bydrage oan de ferbettering fan de natuer en lânskipswearden, kin net besjoen wurde oft it jild goed bestege is. De rekkenkeamers fine dan ek dat der gau in evaluaasjesysteem komme moat.