Auto klapt op fangrail by tankstasjon A32

© De Vries Media
Op de A32 by Aldeholtwâlde is tiisdeitemiddei in auto tusken de fangrail fan de sneldyk en tankstasjon De Weeren telâne kaam. De auto sloech dêrby oer de kop.
De plysje seit dat de bestjoerder mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De auto ried ek in hektometerpealtsje oan dat op de wei telâne kaam. De berger hie mear muoite as by oare ûngelokken om de auto derwei te takeljen. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.