Us Willem is ferslein, metalband Slayer hâldt op...

23 jan 2018 - 17:45

Willem! Willem! Slayerrrrrrr!!!! It is in bekend lûd foar ús Willem de Vries, dé Slayer-fan fan Fryslân. Mar nei 37 jier sjocht it dernei út dat de trash-metal band út California dermei ophâldt. Twa jier lyn wienen de mannen noch yn Ljouwert te finen, dêr't se krekt wat te lûd spilen. Mar wat makket dizze band no sa bysûnder? Werom moatte wy de hiele tiid no Slayerrrr nei ús Willem roppe? Der is mar ien man wa't dêr de antwurden op hat...

Willem, jonguh, hoe is it no mei dy nei dit minne nijs?

''Ik moat earlik sizze, ik skrok der ek wer net fan. Ik hie al sawat fan, it duorret net lang mear. Ik fyn it spitich, mar miskien ek mar better sa. It is klear sa.''

No hawwe wy efkes Slayer opsetten, mar net elkenien wie der sa'n fan fan op 'e redaksje, mar wat makket de band no sa bysûnder?

''Se binne superstrak. Ik haw in soad bands sjoen. Se sjogge derút lykas se hawwe moatte. Se hawwe it hiele pakket gewoan, de útstrieling en it ferhaal. Dat is Slayer gewoan.''

Hokker nûmer moat ik opsette om minsken yn 'e kunde komme te litten mei Slayer?

''Ik soe it nûmer Repentless oanriede wolle. Dat is in hiele coole track!''

Wat is no dat iene momint mei Slayer, datsto nea mear ferjitte silst?

''Se hawwe in soad op Wâldrock spile. Se hawwe meardere kearen west. Ik stie foar it poadium, mei dy bass. Alles bewege yn my. Wâldrock yn Burgum mei Slayer. Dat wie magysk!''

via GIPHY

Mar wêrom ropt elkenien Slayer nei dy? Wat is it ferhaal dêrefter?

''Dat bekt it bêste. Ik bin dêrmei begûn. Derom ropt elkenien it no werom.''

Meie wy noch wol Slayer nei dy roppe as it doek echt fallen is?

''Oant it bejaardehus. As ik der sit yn myn smookstoel mei in wiskytsje. Dan mei elkenien wol Slayer roppe.''

Silsto ek noch op in moaie manier ôfskied nimme fan de band?

''Ik hoopje dat se Nederlân oandogge. Oars gean ik derfoar nei it bûtenlân. Se hawwe noch mar ien wrâldtoernee. Dat moat even dochs?!''

Trefwurden: 
Slayer Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)