Dûkers ynspektearje Ljouwerter akwadukt

23 jan 2018 - 17:07

Skippen kinne kommende tongersdeitemoarn net troch it Margaretha Zelle-akwadukt by Ljouwert. Dûkers binne dan dwaande mei in ynspeksje fan de grûn by de spoarbrêge by it akwadukt. Yn dy grûn komme nije houten peallen te stean, dy't tsjinje as remmingwurk, mochten skippen tsjin de brêge driigje te farren. De dûkers binne aktyf tusken njoggen en alven moarns.

Om't se dochs ûnder wetter binne, ynspektearje se ek fuort de boaiem fan it akwadukt. Grutte problemen wurde dêrby net ferwachte, om't it akwadukt noch nij is.

Trefwurden: 
Ljouwert akwadukt ynspeksje
(advertinsje)
(advertinsje)