FIDEO: Taalsintrum Obe klear foar Kulturele Haadstêd

23 jan 2018 - 16:59


Wa't geregeld op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert komt, hat it ôfrûne jier sjoen hoe't it groeide: it taalbelibbingssintrum Obe. It ynteraktive besikerssintrum dêr't alle talen fan de wrâld by-inoar komme is moandei oplevere. De bûtenkant fan it gebou, ferneamd nei de Fryske dichter Obe Postma, kin brûkt wurde as tribune by grutte eveneminten op it Aldehoustertsjerkhôf. Obe is diel fan it projekt Lân fan taal en dat is wer diel fan Kulturele Haadstêd. Wat oan de bûtenkant opfalt is in grut keunstwurk, besteande út swarte blokjes.

Trefwurden: 
OBE Lân fan taal
(advertinsje)
(advertinsje)