Man út Gerkeskleaster krijt wurkstraf foar oanriding

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Gerkeskleaster hat in wurkstraf fan sechstich oeren krigen, omdat er in jier lyn op de Trekwei by Bûtenpost twa minsken oanriden hat. It earste slachtoffer wie in fytser, dy't swierferwûne rekke. Flak dêrnei ried de man in kuierder oan. Hy sei dat er foar it ûngelok in appke krige op syn telefoan. Dat soe er wol even sjoen, mar net lêzen ha.
Neffens de rjochtbank hat er dêrtroch efkes net om it ferkear tocht. De rjochter hat him syn rydbewiis net ôfpakt, omdat er dat nedich hat om syn gesin te ûnderhâlden. As hy yn werhelling falt, is er it rydbewiis wol foar in healjier kwyt.