Provinsje yn it spier foar grutte hurdfytsronde

23 jan 2018 - 16:04

De start fan in grutte hurdfytsronde yn Fryslân, lykas de Tour de France, sil hûnderttûzenen besikers lûke. Dat ferwachtet it Mulier Instituut. Dat hat yn opdracht fan de provinsje ûndersyk dien nei de komst fan sa'n hurdfytsronde. Dat soe in grutte promosjonele en ekonomyske wearde hawwe foar Fryslân, seit it Mulier Instituut.

De provinsje tinkt dat it noch de nedige fuotten yn 'e ierde ha sil om in hurdfytsronde nei Fryslân te heljen. Dêr sil de kommende tiid in oanpak by betocht wurde. De provinsje set der grut op yn.

(advertinsje)
(advertinsje)