"It kin wol 10 of 15 jier duorje, mar in Oscar is myn doel"

23 jan 2018 - 15:50

Grimeur Arjen Tuiten fan De Jouwer is nominearre foar in Oscar. Hy makket kâns op dy Amerikaanske filmpriis foar syn wurk oan de film Wonder. Dy giet oer in lyts jonkje dat in slimme misfoarming oan de holle hat. Om de akteur fan dy rol dy misfoarming oan te mjitten is in berop dien op Tuiten. De útrikking fan de Oscars is op 4 maart. Tuiten is foar Wonder ek nominearre foar in BAFTA, dat is de belangrykste Britske filmpriis. Dy útrikking is op 18 febrewaris.  Arjen Tuiten is gjin ûnbekende yn Hollywood. Hy hat dêr al oan meardere films meiwurke. Earder wurke er yn Londen ek al mei oan in Harry Potter-film. 

"In Oscar is wat ik wol"

Tuiten waard yn 2004 as jonge grimeur ynterviewd foar de ABD-sjo, in skoaltelefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân.

"Ik wie altyd hiel artistyk. Altyd mei klaai oan de gong en oan it tekenjen. Ik wie in bytsje in ienling. Op in stuit seach ik in horrorfiulm en begûn ik maskers en enge koppen te meitsjen mei klaai,ferwûnings en mei bôledaai en bitesop. Op in stuit seach ik op Discovery Channel - ús mem helle my dêr nachts spesjaal foar fan bêd ôf - in programma oer hoe't it achter de skermen giet, oer make-up-effekten en sa. Doe wist ik: Dit is wat ik wol. En sa is it bleaun."

Arjen sei yn 2004 dat er mar ien diel foar eagen hat: In Oscar. "It kin wol tsien jier duorje of ek wol fyftjin jier, mar dat is wat ik wol." Op 4 maart wurdt bekend oft Arjen syn dream yn ferfolling giet, want dan binne de Oscarútrikkings.

Foarfilmke fan Wonder, de film dêr't Arjen Tuiten in Oscarnominaasje foar yn de wacht sleept hat.


 

Trefwurden: 
Arjen Tuiten Oscar
(advertinsje)
(advertinsje)