Dúdlikens oer Sportstêd frege

11 jun 2012 - 14:53

It CDA op It Hearrenfean wol dúdlikens oer de finansjele sitewaasje fan Sportstêd It Hearrenfean. Ein maart is direkteur John Bos fan Sportstêd op non-aktyf steld. It CDA hat doe ek al fragen steld oer de finansjele gefolgen fan it ûntslach, benammen omdat de gemeente foar de helte eigener is fan Sportstêd. Dêr binne noch hieltyd gjin antwurden op kommen.

Sportstêd is in kompakt gebiet mei sport- en sûnensfasiliteiten en opliedings op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Sportstêd Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)