Wurkstraf foar rydskoallehâlder fanwege ûntucht

23 jan 2018 - 14:50

In rydskoallehâlder út Ljouwert moat 120 oeren ferplichte oan it wurk fanwege ûntucht mei in 17-jierrige learlinge. Hy hat neffens de rjochter oan har boarsten sitten en ek hat er har tongtute. De man moat fan de rjochtbank it famke ek in skeafergoeding fan 750 euro betelje en hy moat him behannelje litte. De man hat yn de rjochtbank oanjûn him te skamjen foar syn dieden en hy hat sein dat it him spyt.

Hy woe net oanjaan wêrom er him oan it famke fergrepen hie. Mocht er wer yn oertrêding gean, dan moat er ek in moanne de sel yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)