Wurkgelegenheid tanaam yn Noardwest-Fryslân

23 jan 2018 - 14:46

Yn de gemeenten dy't no mei-inoar Waadhoeke foarmje, is de wurkgelegenheid ferline jier groeid. Dat gie hurder as it lanlik en provinsjale trochsneedsifer. De measte minsken yn Waadhoeke wurkje yn de hannel en de reparaasje en yn de saaklike tsjinstferliening. Yn dy sektor kamen der ferline jier ek de measte banen by.

De gemeente Waadhoeke ûntstie dit jier offisjeel nei in fúzje tusken It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel.

Trefwurden: 
wurkgelegenheid
(advertinsje)
(advertinsje)