Betingsten skeind by ferhuzing orka Morgan nei Spanje

Orka Morgan © ANP
Orka Morgan is yn 2011 ûnder in ferkeard ferlechje ferhuze fan it Dolfinarium yn Harderwijk nei Loro Parque op Tenerife. Dat seit alteast de stichting Free Morgan yn in rjochtsaak tsjin it ministearje. De orka, dy't yn 2010 yn de Waadsee oanspielde, soe yn it Spaanske park allinnich foar ûndersyk en edukaasje brûkt wurde, en net foar ekonomyske doelen. Mar no't Morgan yn ferwachting is, seit de stichting dat de betingsten fan it ministearje skeind binne om't it sûchdier yn in fokprogramma brûkt is. Der soe dêrom in nije beoardieling komme moatte wat it bêste is foar it wolwêzen fan de orka.
De earste sitting fan de rjochtsaak wie tiisdei. De rjochter hopet oer seis wiken útspraak dwaan te kinnen. Der hawwe yn it ferline meardere rjochtsaken west om Morgan frij te krijen. It is yn Europa de iennige orka út it wyld, dy't fêst sit.