Tsjinslach foar hinneboeren, besmette stront net ôffierd

It fabryk dat mei fipronil besmette stront ferwurket, moat meikoarten seis wiken ticht foar grut ûnderhâld. Dat is in nije tsjinslach foar hinneboeren dy't earder al gjin aaien ferkeapje koenen, fanwege de fipronylkrisis. Sy kinne de hinnestront net kwyt en moatte dy salang op har hiem opslaan. De measte boeren hawwe dêr lykwols gjin plak foar. Boppedat kin de oanwêzigens fan de stront op it bedriuw betsjutte dat de boeren gjin sertifikaat krije, dat se nedich hawwe foar de eksport fan har aaien.
Lanlik sjoen giet it op syn minst om 11.000 ton besmette hinnestront. Lânbou-organisaasje LTO Noord kin net sizze hoefolle dêrfan yn it noarden leit.