Langwarder pont leit meikoarten stil fanwege ûnderhâld

© Google Streetview
De pont fan Langwar fart meikoarten fjouwer wiken lang net. Dat is fanwege grut ûnderhâld. De boat wurdt ûnder oare opnij ferve, yn de kleuren fan de gemeente De Fryske Marren. Ek wurde der feiligenskeuringen útfierd. Foar fytsers en kuierders wurdt it ferfier oernaam troch in lytser pontsje, autoferkear moat omride.

De pont foarmet de koartste rûte fan Langwar nei Snits. Alle jierren meitsje sa'n 55.000 minsken gebrûk fan de pont. Dy fart no net fan 12 febrewaris oant 9 maart.