Oprop Opsterlân: "Meibetelje oan De Fûgelhelling"

23 jan 2018 - 13:33

De gemeente Opsterlân docht in oprop oan oare Fryske en Grinslanner gemeenten om in strukturele bydrage te leverjen oan De Fûgelhelling. Ek de twa provinsjebestjoeren soene it fûgelasyl yn Oerterp stypje moatte. De Fûgelhelling fangt alle jierren mear as 6.000 sike bisten út it Noarden op en is dêrby ôfhinklik fan skinkingen en donaasjes. Dy bringe lykwols net genôch op om alle kosten betelje te kinnen. Opsterlân docht dêrom de oprop oan oare noardlike oerheden. Sels draacht de gemeenten dit jier 9.000 euro by oan De Fûgelhelling, 4.000 euro struktureel en 5.000 euro foar ien kear.

(advertinsje)
(advertinsje)