FNP: "Undersyk nei keunstdong op feangrûn"

Keunstdong © Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de FNP wol dat der in ûndersyk komt nei de effekten fan it brûken fan keunstdong op feangrûn. De fraksje wol ûnder oare witte as it foar de CO2-reduksje better is om organyske dong te brûken op feangrûn yn stee fan keunstdong. Der moat wittenskiplik ûndersyk nei dien wurde. Neffens de FNP binne der yn de perioade 2013-2015 wol gegevens sammele oer de effekten fan dong op klaai- en feangrûn, mar der is noch gjin analyze of rapport fan makke. It Louis Bolk Instituut en Van Hall Larenstein University moatte dat rapport meitsje, fynt de fraksje.